Undersyk bybaantsjes plattelân

22 sep 2009 - 14:59

Studinten fan de Hanzehogeschool út Grins gean de kommende tiid it Fryske plattelân op om ûndersyk te dwaan nei it tal bybaantsjes fan minsken yn it bûtengebiet. De ûndersikers wolle witte watfoar aktiviteiten minsken njonken har fêste wurk hawwe. Bygelyks ien dy't twaddehâns fytsen ferkeapet.

It ûnderfreegjen bart yn opdracht fan de Ryksuniversiteit Grins. De útkomsten moatte in better byld jaan fan it tal aktiviteiten op it plattelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)