Undersyk AZC Sint Anne

20 apr 2012 - 22:07

Ein dit jier moat dúdlik wêze oft der in nij asylsikerssintrum komt yn Sint Anne. It Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers ûndersiket de kommende tiid de mooglikheden fan in folslein nij AZC.

Op dit stuit wurde asylsikers yn it doarp opfongen yn caravans. Mar dy binne ynkoarten oan ein. De gemeente It Bilt en it COA wolle no witte oft de hjoeddeiske lokaasje geskikt is om foar op syn minst 15 jier in AZC del te setten.

It nije gebou moat yn elts gefal ek geskikt wêze foar in oare ynfulling, mocht it COA der op termyn gjin gebrûk mear fan meitsje wolle. Der binne op it stuit trije AZC's yn Fryslân, njonken Sint Anne sitte dy yn Burgum en Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)