Undersyk argewaasje oer fytsers

21 mrt 2006 - 09:20

Fytsers moatte better útsjen yn it ferkear. Ut in ûndersyk fan fytse- fabrikant Batavus fan It Hearrefean docht bliken dat dit de grutste ergernis fan Nederlanners is as it giet om it gedrach fan fytsers. Oare saken dêrt minsken har bot oan ergerje binne it ôfsnijen en it fytsen sûnder ljocht.

Ut it ûndersyk docht fierder bliken dat de ynwenners fan Noard-Nederlân har mear ergerje oan it riden troch read ljocht as minsken út de Rânestêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)