Undersyk apteken ûnder klanten

21 aug 2002 - 00:00

25 Fryske apteken sette nije wike út ein mei in ûndersyk ûnder harren klanten. Doel is om oan de hân fan enkêtes te sjen hoe't de kwaliteit fan de tsjinstferliening fan de apteken ferbettere wurde kin.

Per apteek sille 200 enkêtes ûnder de klanten ferspraat wurde. De enkêtes binne in inisjatyf fan de Nederlandse Patiënten Consumenten Federatie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)