Underskiedings útrikt

14 feb 2009 - 16:37

Klaas en Jannie Hoekstra fan Ljouwert binne sneontemiddei beneamd ta lid yn de oarder fan Oranje Nassau. Se krigen de Keninklike ûnderskieding foar har ynset foar de Sjauffeursferiening Fryslân.

Wethâlder Gerrit Krol rikte de ûnderskiedings út op it 25-jierrich jubileumfeest fan de feriening. Klaas en Jannie Hoekstra ha de feriening op 14 febrewaris 1984 oprjochte. Klaas Hoekstra is noch hieltyd foarsitter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)