Underskieding Paus foar Jouster

08 apr 2002 - 00:00

Loadewyk Damsma fan 'e Jouwer hat snein yn Rome de pauslike ûnderskieding Pro ecclesia et pontifice krigen. Damsma hat de ôfrûne 17 jier yn Fryslân 2700 midsieuske kleastermoppen (stiennen) sammele foar de Friezetsjerke yn Rome. De muorre waard snein ynwijd yn in folle 'Chiesa dei Frisoni'. In Frysk gelegenheidskoar fan 40 minsken song Fryske lieten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)