Underskieding foar Jan Brals

16 okt 2004 - 12:46

De 57-jierrige Jan Brals fan Kollum is freed beneamd ta lid yn de oarder fan Oranje Nassau. Brals krige de ûnderskieding út hannen fan boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân, by gelegenheid fan it 25-jierrich bestean fan de stifting Aktivo yn Kollum.

Jan Brals hat sûnt 1979 bestjoerswurk dien by dizze stifting. Aktivo organisearret sportaktiviteiten foar ferstanlik handikapten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)