Underskieding foar Jaap Halma

03 des 2005 - 16:16

Muzikant Jaap Halma fan Surhústerfean hat sneontemoarn in keninklike ûnderskieding opspjelde krigen troch loko-boargemaster Van der Wal fan Achtkarspelen. De 70-jierrige Halma krige de ûnderskieding fanwege syn ynset foar de blaasmuzyk yn Fryslân.

Hy wie de ôfrûne 50 jier ûnder oare aktyf by showband Oerterp, it Pasveerkorps en Looft den Heer út Ljouwert. Halma krige de ûnderskieding op in feest foar him yn De Pein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)