Underskieding foar ds Ype Schaaf

20 jun 2003 - 00:00

It Nederlânsk Bibelgenoatskip hat dûmny Ype Schaaf út Dokkum beneamd as lid fan fertsjinste. Schaaf kriget de ûnderskieding fanwege it wurk dat er op nasjonaal en ynternasjonaal mêd dien hat foar it fersprieden fan de bibel.

De 73-jierrige Schaaf hat ûnder oare jierren yn Kameroen wurke foar it Bibelgenoatskip. Schaaf krige de ûnderskieding freedtemoarn by in sympoasium oer 25 jier Fryske bibel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)