Underskied Lemster ûndernimmers

17 aug 2004 - 14:45

Lemster ûndernimmers dy't net betelje oan aktiviteiten yn it doarp binne fan takom jier ôf werkenber om't se gjin spesjaal buordsje fan de Lemster Zakenclub oan de doar hawwe. Undernimmers dy't wol meibetelje, krije wol sa'n buordsje. Dat is alteast it foarstel fan de Lemster Zakenclub.

De klup organisearret alle sneonen muzyk en jierliks in strjitfestival. Sa'n 60 prosint fan de ûndernimmers betellet mei, 40 prosint docht dat net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)