Undersikerstekoart by Wetsus

22 sep 2008 - 11:53

De groei fan wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert giet dreech troch in tekoart oan goeie technykstudinten. Dat die moandei bliken op it jierkongres fan Wetsus yn de Harmonie. It ynstitút hat 38 ûndersikers. Ein 2009 soene dat der 76 wêze moatte, mar dy binne dreech te finen.

Wetsus hat allinnich wat oan studinten dy't mei moaie sifers ôfstudearje. Foarsitter Wientjes fan VNO/NCW dielt de soargen fan Wetsus oer it tekoart oan goeie studinten eksakte fakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)