Undernimmerspriis nei Fryslân

19 nov 2013 - 22:14

Janneke Plantinga hat mei har bedriuw Vandaag BSO de Jonge ûndernimmersprijs fan it Noarden 2013 wûn. De ûndernimster út Drachten waard keazen út seis kandidaten, út eltse noardlike provinsje twa. De priis waard tiisdeitejûn útrikt yn De Harmonie yn Ljouwert, neidat alle kandidaten harsels presintearre hienen. De priis bestiet ûnder oare út fergese publisiteit foar in bedrach fan 10.000 euro.

It bedriuw fan Janneke Plantinga begûn yn 2009. It biedt bûtenskoalse berne-opfang op lytskalige lokaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)