Undernimmerslunsj op Ofslútdyk

11 okt 2006 - 14:20

Goed 230 ûndernimmers út Fryslân en Noard-Hollân ha tusken de middei mei inoar iten yn in tinte op de Ofslútdyk. It gong om de jierlikse ûndernimmerslunsj fan de Fryske Keamer fan Keaphannel.

It wie foar de achtste kear dat de ûndernimmers op dizze wize by inoar kamen. Foar it earst wiene der diskear ek ûndernimmers út Noard-Hollân by. It tema wie gearwurking tusken bedriuwen oan beide kanten fan de Ofslútdyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)