Undernimmerslunch giet oer

20 okt 2010 - 09:44

De ûndernimmerslunch giet woansdei net troch. De byienkomst stie pland yn in tinte. Fanwege de hurde wyn is it net feilich. Boppedat wurdt ek hagel en tonger foarsein.

De 'Grote Ondernemerslunch' is in inisjatyf fan de Keamer fan Keaphannel fan Noard-Nederlân. De ûndernimmers soene elkoar moetsje yn Esonstêd. It is net dúdlik wannear't de byienkomst no hâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)