Undernimmersfûns yn Ljouwert

24 aug 2009 - 18:54

Ljouwert krijt in fûns foar aktiviteiten troch ûndernimmers. Dy kinne der gebrûk fan meitsje as se wat organisearje wolle. It giet dan bygelyks om de oanskaf fan feestferljochting of de promoasje fan 'e stêd.

It is in inisjatyf fan it ferienige bedriuwslibben yn Ljouwert. Dat hopet dat de ûndernimmers har sa ûnderling noch better organisearje. De gemeente stekt der jild yn. Dat jild wurdt opbrocht troch in taslach op de OZB.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)