Undernimmersferiening De Pein

17 mrt 2009 - 10:51

Undernimmers yn De Pein binne dwaande om in nije ûndernimmersferiening op te setten. Yn it doarpshûs is moandei besletten dat in oprjochtingskommisje fan fiif ûndernimmers de feriening nij libben ynblaze sil.

Doel is om it imago fan De Pein as festigingsplak foar ûndernimmers te ferbetterjen. Ek is it de bedoeling dat de ûndernimmers mei elkoar oplûke rjochting provinsje en gemeente. De Pein hat sa'n hûndert aktive ûndernimmingen, sa skat Doarpsbelang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)