Undernimmersclub groeit tige

10 maaie 2007 - 14:55
  • Snitser ûndernimmersclub groeit as koal

Undernimmersferiening Handel en Industrie yn Snits hat der dit jier in rekordtal nije leden by krigen. Sûnt 1 jannewaris binne 45 ûndernimmers lid wurden. Mei-elkoar binne der no 350 leden. It bestjoer ferwachtet dat dat dit jier noch mear wurde sille troch in aktive ledewerving en oansprekkende aktiviteiten.

Earder wiene trije ûndernimmersferienings aktyf yn Snits. Dy binne yn 2005 fusearre ta ien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)