Undernimmers yn Smellingerlân easkje keapsnein

01 des 2015 - 12:32

Guon ûndernimmers yn Drachten hawwe muoite om de holle finansjeel boppe wetter te hâlden om't der noch hieltyd gjin keapsnein is. Dat seit sintrummanager Trea Westra. Tiisdeitemoarn wie der op it gemeentehûs yn Drachten in koarte aksje mei Sinteklaas en de krystman om op 'e nij oandacht te freegjen foar de needsaak fan de keapsnein.

Undernimmers yn it sintrum wurde de kommende wiken frege in petysje te ûndertekenjen om sa de needsaak fan de keapsnein oan te jaan.

De inisjatyfnimmers sizze dat de sneinsiepening fan winkels sa stadichoan in 'must' is. "Al is it earst mar ien kear yn 'e moanne en dan in pear oerkes." De petysje wurdt begjin takom jier oerlange oan it kolleezje fan b. en w.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)