Undernimmers wolle Sintrale As

26 nov 2010 - 10:19

It belang fan de Sintrale As foar toeristen moat ek meiweagje yn it beslút oer de oanlis fan de dyk. Dat fine de ûndernimmers yn Dokkum. De oanlis soe net inkeld ôfhingje moatte fan it takomstich tal ynwenners fan Noardeast-Fryslân. Ek VNO-NCW is it mei de ûndernimmers iens.

De Steatsried bepaalde tongersdei dat de nije dyk tusken Dokkum en Nyegea foarearst net oanlein wurde mei. De needsaak moat better oantoand wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)