Undernimmers wolle dat Lunatomerke oar plak kriget

14 apr 2016 - 22:25
  • De marke op it Cambuurplein

De feriening fan ûndernimmers oan it Cambuurplein wol dat de tradisjonele Lunatomerke, dy't no plakfynt, fan it plein ferdwynt. Neffens Alfred Wisman fan de middenstânsferiening misse de winkels in soad klandyzje troch de merke. De skea rint yn de hûnderttûzenen euro's.

De ôfrûne winter hawwe ûndernimmers al besocht om de Lunatomerke mei in ôfkeapsom fan hast 10.000 euro te kearen. It jier dêrfoar wie der in koart pleit om de merke fuort te krijen, sûnder resultaat. De feriening sil nije wike de merke op it Cambuurplein evaluearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)