Undernimmers Skylge warskôgje foar falsk jild

12 jun 2015 - 16:16

Undernimmers op Skylge warskôgje mekoar dat der op it eilân falsk jild yn omrin is. Delicatessen De Dis hat in foto fan in falsk biljet fan 50 euro op Twitter set. It Oerol-festival op it eilân is freed fan start gean. It komt faak foar dat der mei drokbesochte eveneminten sprake is fan falsk jild.

De plysje ûndersiket de saak en ried ûndernimmers oan om goed op te letten as der mei grutte biljetten lykas 50 euro betelle wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)