Wol omsetgroei, mar gjin banen

21 nov 2013 - 10:25

Undernimmers binne oer it generaal somber oer it ekonomyske klimaat yn it Noarden. De omset en de eksport gean stadichoan wer wat omheech, mar dat betsjut noch net dat der mear wurk komt. De wurkgelegenheid yn de trije noardlike provinsjes wurdt ek de kommende jierren net better. Dat binne de belangrykste ekonomyske ferwachtings fan ûndernimmers.

Tongersdei presintearre de Keamer fan Keaphannel de sifers oer it tredde fearnsjier fan 2013. Foaral yn de bousektor giet it noch hieltyd min en komt der foarearst gjin wurk by.

De pyk yn it tal falliseminten hat west, mar dat komt omdat de boaiem fan it tal boubedriuwen al in skoft yn sicht is. Minder kin hast net. De Keamer fan Keaphannel ferwachtet noch wol ekonomyske groei yn de metaal en de eksportbrânzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)