Undernimmers net bliid mei minne tagonklikens Wolvegea

28 nov 2015 - 12:44
  • It sintrum fan Wolvegea is yn Sinteklaaswykein min tagonklik

Wa't dit wykein it sintrum fan Wolvegea yn wol, hat muoite om der te kommen. ProRail wurket oan it spoar oan de Lycklamawei, ien fan de belangrike ynfalsdiken rjochting it sintrum. De ferkearsoerlêst soarget foar teloarstelde ûndernimmers dy't fine dat de gemeente harren yn it himd set hat. Der is in omliedingsrûte ynsteld, mar dy soe te yngewikkeld wêze.

ProRail is yn Wovegea dwaande mei in nije oergong. Yn de takomst moatte der fjouwer treinen yn de oere ride. It hout yn it spoar makket in soad leven. It wurdt ferfongen troch rubber.

De gemeente Weststellingwerf is wiis mei de fernijde spoarweioergong, mar neamt de situaasje fan no "ûnhandich".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)