'Undernimmers moatte oer grins'

03 apr 2005 - 14:07

Fryske ûndernimmers yn it midden- en lytsbedriuw moatte wat faker oer de grins sjen. Dat sei direkteur Jansen fan de Keamer fan Keaphannel sneon by de iepening fan de earste ynternasjonale hannelsdei fan de Keamer, op it Hearrenfean. Dêr wie ynformaasje te krijen oer sake-dwaan mei it bûtelân.

Jansen hopet dat Fryske bedriuwen wat ambisjeuzer wurde en mear eksporteare nei bygelyks East-Europa en Sina.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)