Undernimmers mije Boat Holland

06 feb 2013 - 08:59

De jierlikse boatebeurs Boat Holland yn it WTC yn Ljouwert, dy't dizze wike fan start giet, moat it dit jier sûnder in tal grutte nammen dwaan. Ferline jier hat in grutte groep boatebouwers besletten allinnich noch mar nei de wiete HISWA te gean, en net mear nei oare beurzen.

It beslút soarget foar in soad argewaasje. Sa skriuwt direkteur Albert Hendriks fan it bureau foar toerisme Friesland Holland dat de boatebouwers de Fryske beurs sa de nekke omdraaie.

Ek soe it tige min wêze foar it beurstoerisme dat oars nei de Fryske haadstêd komt. Marcel Jetten fan Jetten Yachting is ien fan de ûndernimmers dy't net mear nei Boat Holland komt. Neffens him is Boat Holland benammen in occasion-beurs, en is de nasjonale en ynternasjonale merk foar nije boaten mear fertsjintwurdige op de Hiswa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)