Undernimmers lilk op gemeente

26 maaie 2003 - 00:00

Undernimmers oan de Stasjonsstrjitte yn Easterwâlde binne it net iens mei de gemeente. Fan 6 juny ôf wurdt de winkelstrjitte alle middeis ôfsletten.

Mear as tritich fan de winkelminsken stapten moandeitemoarn by de gemeente nei binnen sûnder ôfspraak. Se woene in gesprek regelje mei de fraksjefoarsitters yn de gemeenterie. Se moasten it foarearst lykwols dwaan mei in petear mei de riedsgriffier en boargemaster Lesterhuis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)