Undernimmers krije 'hotline'

13 okt 2005 - 11:21

De ûndernimmers by de Ljouwerter Mercuriusfontein krije in direkte ferbining mei de plysjes dy't yn de stêd omrinne. Ek komme der bettere ferljochting en mooglik kamera's.

Dat is ôfpraten yn in petear tusken boargemaster Dales, winkellju en de plysje. By de Mercuriusfontein wurdt yn drugs deald en sa no en dan komt it ta geweld. Dizze simmer wie der in sjitpartij. It petear fûn pak op oantrunen fan de winkellju.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)