Undernimmers helpe starters

08 maaie 2014 - 14:08
  • Website MKB Noord

MKB Noard-Nederlân sil starters helpe mei it projekt 'Ondernemer coacht ondernemer'. Neffens direkteur Lambert Zwiers is de animo ûnder ûndernimmers om harren nije kollega's te helpen grut. Hast 30 prosint fan de starters hâldt der nei in jier al wer mei op. Benammen hoarekasaken draaie de doar binnen in jier wer op slot. Dat docht bliken út sifers fan it Ekonomysk Buro fan de ING.

Lanlik is it tal starters mei 6 prosint weromrûn, mar yn Fryslân binne der krekt mear starters. Yn de hoareka hâldt 60 prosint der binnen in jier wer mei op.

Ien en oar hat neffens Zwiers ek it meitsjen mei it ûnderskatten fan it ûndernimmer wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)