Undernimmers: "Gjin winkelsintrum by nij Cambuurstadion"

26 feb 2015 - 22:20

De middenstân fan Ljouwert wol net dat it nije Cambuurstadion by it WTC betelle wurdt troch der winkels ûnder of by te bouwen. Dat skriuwt it Ljouwerter Binnenstêdsmanagement, dêr't alle middenstânsferienings yn fertsjintwurdige binne, oan de gemeenteried fan Ljouwert.

Der komme de lêste tiid plannen nei bûten fan projektûntwikkelers dy't mei ekstra detailhannel de bou fan it nije stadion by it WTC-Expo terrein betelje wolle.

Binnenstêdmanager Hayo Galema wiist der op dat der neffens it detailhannelsbelied fan de gemeente gjin romte is foar noch in tredde winkelsintrum yn de stêd. It oantal winkels moat earder ynkrimpe, seit Galema. Hy wiist op de leechstân dy't der no al yn de binnenstêd is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)