Undernimmers en toeristen bliid mei befarber kanaal

26 jul 2015 - 16:03
  • Polderhoofdkanaal bringt libben yn it doarp De Feanhoop
  • In slûske yn it Polderhoofdkanaal

Undernimmers en toeristen binne bliid mei de iepenstelling fan it Polderhoofdkanaal. Fan 't simmer kin der foar it earst fearn wurde fan De Feanhoop nei Nij Beets.

Op guon dagen komme der wol tachtich boaten del. Dat makket de omlizzende doarpen libbendiger. Sa komme der by iepenloftmuseum It Damshûs yn Nij Beets mear besikers en dat jildt ek foar restaurant It Polderhûs op De Feanhoop mei in terras oan it wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)