Undernimmers Burgum fiere aksje tsjin útwreiding azc

08 apr 2016 - 19:31
  • Michel van Kammen, ien fan de protestearjende ûndernimmers
  • De dyk dy't de Burgumer ûndernimmers blokkearje
  • De dyk wie blokkearre mei in kontener

In groep ûndernimmers fiert sûnt freedtemiddei aksje by de dyk nei it asylsikerssintrum yn Burgum. De ûndernimmers binne it net iens mei hoe't de gemeente Tytsjerksteradiel de takomstige útwreiding fan it asylsikerssintrum oanpakt. Dêrom hawwe se in kontener delset op de dyk rjochting it terrein. De lokaasje, de oanlis fan de diken, mar ek hoe't de gemeente de plannen nei bûten brocht hat, stean harren net oan.

De ûndernimmers binne ûnder oare benaud foar oerlêst en de ferkearsfeiligens.

Op it bedriuweterrein wurdt in soad mei frachtweinen en shovels riden. De eangst is dat de asylsikers tenei massaal oer de dyk rinne en net goed oppasse. Dat soe gefaar opsmite kinne. Moandei wurdt begûn mei de tariedingen foar de útwreiding, mar de dyk derhinne is dus mei in kontener blokkearre. 

It besteande azc yn Burgum wurdt útwreide mei 200 plakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)