Undernimmers Boalsert organisearje 'Heel Fryslân Bakt'

08 apr 2016 - 19:07
  • Taart

De ûndernimmers fan Boalsert organisearje yn juny it evenemint 'Heel Fryslân Bakt'. Elk dy't graach taarten bakt, kin dêr in taart ynleverje, om him troch in saakkundige sjuery keure te litten. Der binne trije kategoryen: foar bern oant tsien jier, bern tusken de tsien en de achttjin en in kategory foar dielnimmers boppe de achttjin jier.

De bakwedstriid is ûnderdiel fan in bak'merk', mei kreammen mei alderhande produkten en ynformaasje op it mêd fan bakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)