Undernimmers betelje belesting

14 apr 2010 - 17:05

Dokkumer ûndernimmers moatte ynkoarten mooglik reklamebelesting betelje. Dat komt del op 450 euro per ûndernimmer foar de reklame dy't se oan de bûtenkant fan har saak meitsje. It kolleezje fielt foar sa'n belesting, mar it giet allinnich troch as mear as de helte fan de ûndernimmers der mei ynstimt.

Mei it jild wol ûndernimmersferiening Club65 in fûns oprjochtsje om promoasje-aktiviteiten út te beteljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)