Undernimmers benaud foar feiligens by komst McWeed

19 jan 2016 - 17:23

Undernimmers yn Ljouwert binne benaud foar oerlêst en bedriging fan de feiligens as der in ôfhel-coffeeshop komt. Dat seit foarsitter Tjeerd Rieske fan de ûndernimmersferiening De Swette. Hy sit der net om te springen, mar wol der wol oer prate. 

De gemeenteried fan Ljouwert stimde moandei yn mei in ûndersyk nei de komst fan in 'McWeed' nei de stêd. Dêr kin mei de auto hasj of joints kocht wurde, lykas by McDonalds. De gemeente twa lokaasjes op it each: bedriuweterrein De Himrik of De Swette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)