Undernimmer wolle kennis diele

10 jul 2007 - 07:11

Undernimmers jonger as 40 jier hawwe ferlet fan it útwikseljen fan kennis. Dat stelt direkteur Halbe Boersma fan it ynternetbedriuw Canvas Compagny yn Boerum.

Mei in kollega sil Boersma op 14 septimber in gearkomste organisearre. Uteinlik soe de gearkomste twa kear yn it jier hâlden wurde moatte. By de earste moeting sille de wurkjouwers mei elkoar yn de kunde komme mei in saneamde 'speeddate'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)