Undernimmer net Frysk genôch

25 mrt 2010 - 22:57
  • De froulju fan SC Hearrenfean giene juster op kampanje

De Fryske ûndernimmer is noch altyd te min bewust mei it Frysk dwaande. Dat fynt de Afûk. De ôfrûne dagen stie de Afûk mei de Praat mar Frysk-kampanje op de bedriuwekontaktdagen yn Ljouwert. Ut omfreegjen op dy beurs die bliken dat it grutste part fan de ûndernimmers en harren personiel noch altyd de klanten earst yn it Nederlânsk oansprekt.

De Afûk hopet dat de Praat mar Frysk-kampanje helpe kin om dat te feroarjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)