Undernimmer mei skuld krijt help

30 mrt 2004 - 00:00

Al 35 ûndernimmers ha har melden by SVO yn Ljouwert. Dat is in stichting foar skuldhelpferliening foar ûndernimmers. Sokke stipe wie der earder net. Fryslân hat de primeur mei it projekt. It ryk stipet it projekt mei 500.000 euro.

As it in sukses is, komt der in ferfolch foar it hiele lân. Sa'n 150 minsken yn it jier kinne earst help krije. Neffens foarsitter Jaarsma kinne ûndernimmers mei goede skuldseanearing in trochstart meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)