Undernimmer betinkt strjitrôf

16 jul 2010 - 09:51

In Ljouwerter (23) hat in berôving yn juny sels betocht. De ûndernimmer sei dat er op it Suderplein yn syn wenplak troch twa jonges op in scooter fan syn fyts trape wie en dêrnei berôve fan syn wykopbringst en oar guod.

Ut it ûndersyk fan 'e plysje die lykwols gau bliken dat de man net berôve wie, mar dat er syn wykopbringst ferlern wie. Om dochs jild te krijen fan de fersekeringsmaatskippij, betocht er dat er berôve wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)