Underhannelings by Cofely ha gjin resultaat, tiid foar aksje

29 feb 2016 - 15:48

De fakbûnen prate nije wike mei personiel fan ynstallaasjebedriuw Cofely oer de aksjes dy't dêr hâlden wurde sille. By Cofely, dat ek in fêstiging yn Ljouwert hat, krije 65 minsken twongen dien.

De fakbûnen binne net tefreden oer it sosjaal plan dat de direksje opsteld hat. It personiel kin him dêr ek net yn fine, dêrom hawwe 150 wurknimmers de direksje moandei in giele kaart oanbean. Dêrnei soenen de fakbûnen wer om tafel mei de direksje, mar omdat dy fêsthâldt oan it sosjaal plan is it petear net troch gien.

De fakbûnen wolle de direksje no mei aksjes op oare gedachten bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)