Underhâldssintrum foar wynmûnen De Lemmer iepene

15 okt 2015 - 12:42

De Lemmer hat der sûnt tongersdei in nij ûnderhâldssintrum foar wynmûnen by. Yn it sintrum fan elektroanikakonsern Siemens wurde de 48 mûnen fan it park Westermeer yn de Iselmar yn de gaten hâlden.

By steurings wurdt der fanút it sintrum in boat mei monteurs nei de stikkene wynmûne stjoerd. Der wurkje no tweintich minsken, mar dat wurde der yn de takomst mooglik mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)