Underhâld toer taak gemeente

25 mrt 2006 - 12:33

Pleatslik Belang Surhústerfean hat goed 75 jier de toer yn it doarp ûnderhâlden, wylst dat eins in taak wie fan de gemeente. Dat hat it gemeentebestjoer tajûn. As kompinsaasje hoecht it doarp no minder mei te beteljen oan de restauraasje fan de toer. Der waard 20.000 euro frege, mar dat wurdt no 10.000 euro.

De gemeente betellet 30.000 euro oan de opknapbeurt. Meiïnoar is der 68.000 nedich. De toer is yn 1930 boud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)