Underhâld oan autobrêge

16 jul 2013 - 18:36
  • De fearboat fan Rederij Doeksen yn de haven fan Skylge

Rykswettersteat is de kommende nachten dwaande mei ûnderhâldswurk oan de autobrêge fan de fearhaven op Skylge. De autobrêge is de ferbining tusken de fearboaten en de fêste wâl.

It wurk wurdt dien tusken 10 oere jûns en 6 oere moarns, sadat de passazjiers der gjin lêst fan hawwe. Der is wol kâns op wat lûds- en ljochtoerlêst foar de minsken dy't yn de buert fan de haven wenje. It wurk wurdt yn de nachten fan tiisdei oant tongersdei dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)