Underbroeken troch it húske

01 aug 2007 - 06:53

Toeristen op Skylge spiele fan alles troch it húske en dêrtroch reitsje de suveringspompen ferstoppe. Dat kostet it wetterskip in soad jild. De meiwurkers fine stikken plastic, himmeldoekjes en ûnderbroeken. As twa pompen ferstoppe reitsje, streamt it rioelwetter yn 'e sleatten en dat jout in grut miljeuprobleem.

Ferline wike moast it wetterskip Skylge fjouwer kear yn aksje komme om de pompen rotsoaifrij te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)