Under ynfloed yn 'e grêft

11 okt 2009 - 15:48

In 23-jierrige Feanster is yn de nacht fan sneon op snein, fermoedlik ûnder ynfloed fan de drug GHB, yn it wetter fan de Lindegrêft yn syn wenplak. Stappers dy't foarby kamen lutsen de man fuortdaliks út it wetter. Tegearre mei de alarmearre plysje koene se de Feanster wer op it droege krije. In ambulânse waard ynskeakele om de man medyske help te bieden.

By de yngong fan in feestterrein op De Tynje is yn deselde nacht in Feanster oanholden foar it besit fan GHB.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)