Under ynfloed oer de kop

28 feb 2011 - 10:15
  • foto: Anton Kappers

In 46-jierrige Wartenster is snein oanhâlden op fertinking fan it feroarsaakjen fan in ûngelok wylst er ûnder ynfloed wie. De man ried op de krusing fan de Drachtsterwei en Suderbuorren by Ljouwert troch read ljocht en botste dêrby op in auto fan in 30-jierrige Ljouwerter.

De fertochte sloech dêrnei mei syn bestelbus oer de kop en botste tsjin de stopljochten. Der rekke nimmen ferwûne by it ûngelok. bliken die dat de Wartenster tefolle dronken hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)