Under ynfloed fan GHB

28 feb 2012 - 10:56
  • GHB

In 28-jierrige man út Jobbegea is moandeitemiddei oanhâlden yn Hoarnstersweach. Hy hie syn auto midden op de Skoatterlânskewei stilset. Foarbygongers hiene it fermoeden dat de man ûnder ynfloed fan drank of drugs wie en warskôgen de plysje. Se hellen boppedat de autokaai út it kontakt.

De plysje fûn yn de auto twa fleskes mei GHB. Op it plysjeburo hat de man proses-ferbaal krigen. Syn rydbewiis is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)