Unberikber troch stoarm

19 jan 2007 - 21:39
  • Stoarmskea yn Haskerdiken (foto Jody van der Bom)

De stoarm fan tongersdei hat der foar soarge dat guon ynwenners fan Haskerdiken en Aldeboarn op it stuit net belje kinne. De kabels fan KPN, dy't foar de ferbining soargje moatte, binne nei alle gedachten troch seis omwaaide beammen stikken lutsen. Ek it ynternet leit der út.

Wannear't de kabels wer makke wurde, is net dúdlik. Sa't it no liket, sitte de minsken noch it hiele wykein sûnder telefoan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)