Unbeminske tankstasjon oan A7

31 jan 2006 - 15:10

It bedriuw Tinq iepenet woansdei by De Jouwer it earste ûnbeminske tankstasjon oan in fjouwerbaans autodyk fan Nederlân. Tinq beskôget de pomp by De Jouwer as in proef. As dy proef slagget komme der mear ûnbeminske tankstasjons oan autodiken. Tinq docht dit omdat oan in pompstasjon sûnder winkel en húskes mear te fertsjinjen falt.

It tal ûnbeminske tankstasjons sil wol beheind bliuwe, omdat autoriders faak ferlet ha fan kofje, tabak en snacks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)