Unbekende man slûpt hûs yn

02 mrt 2010 - 11:44

De plysje hat moandeitejûn in boargernetaksje hâlden nei't in frjemde man in hûs oan de Pasteurwei yn Ljouwert ynglûpt wie. In 31-jierrige frou hearde om in oere of acht dat ien har hús yngie. Doe't se derop ôfgie, seach se in man fuortdraven en belle se de plysje.

De frou koe in goed sinjalemint jaan. Dêrom waard besluten ta in oprop mei smskes. Der diene 776 minsken mei oan 'e aksje, mar de struner waard net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)