Unanime stipe foar Terpstra

28 aug 2013 - 22:27
  • Doekle Terpstra foarôfgeand oan de ledefergadering

Doekle Terpstra, foarsitter fan de KNSB, wurdt unanym steund troch de lederied fan it reedrydbûn yn de wize wêrop in kar makke is foar Icedôme as nij reedrydtopsportsintrum. Dat is de útkomst fan de lederied woansdeitejûn yn Utert. Terpstra moast útlis jaan oer de folge proseduere by it tenderproses foar it oanwizen fan de meast geskikte lokaasje foar de topsport trainingsakkommodaasje.

De lederied koe him fine yn de útlis fan de foarsitter. Ek oan syn yntegriteit wurdt net twifele.

De posysje fan Terpstra stie ter diskusje nei't it Algemeen Dagblad sneon in stik publisearre oer it optreden fan Terpstra by de wedstriid tusken Thialf op It Hearrenfean, Almere en Zoetermeer. Ut ynterne KNSB-mails soe bliken dwaan dat Terpstra akkoart gien wie mei de kar foar Almere, wylst er nei bûten ta sei dat it rapport net doogde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)